Alwine de Vos van SteenwijkxS

Alwine Antoinette baronesse de Vos van Steenwijk (Noardwyk oan See, 22 juny 1921 - Wijhe, 24 jannewaris 2012 ) wie in Nederlânsk diplomate en presidinte fan de ynternasjonale beweging ATD Fjirde Wrâld.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alwine de Vos van Steenwijk, pakesizzer fan de Earste Keamerfoarsitter Willem Loadewyk de Vos van Steenwijk, wie de earste Nederlânske froulike ambassade-attasjee. Har stânplakken wienen Bonn, Washington en Parys. Yn Parys kaam se yn 1960 yn kontakt mei de 'fjirdewrâldbeweging', in troch de Frânske preester Joseph Wresinski oprjochte beweging tsjin earmoede en útsluting yn de wrâld. Nei dy syn ferstjerren soe hja syn wurk as earmoedebestrider fuortsette as presidinte fan ATD Fjirde Wrâld. De Vos van Steenwijk slagge deryn om op ynternasjonaal nivo oandacht te krijen foar de earmoedeproblematyk. Mei troch har krewearjen waard 17 oktober troch de Feriene Naasjes erkend as 'Ynternasjonale dei foar de útrûging fan earmoede'. Ek stimulearre se wittenskiplik ûndersyk nei de oarsaken fan earmoede. De Vos van Steenwijk is de stiftster fan de Joseph Wresinski Kultuer Stifting, dy't ûnder oare as doel hat earmen sels aktyf dielnimme te litten oan kulturele produksjes oer it ferskynsel earmoede.

Har wurk far de alderearmsten levere har de bynamme op 'barones fan de earmen'.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alwine de Vos van Steenwijk hat ûnder mear de folgjende publikaasjes op har namme stean:

  • 1972 - La provocation sous-prolétarienne : pour une société sélective
  • 1976 - Leven van kruimels
  • 1982 - De vierde wereld : toetssteen van de democratie in Europa ISBN 90-72050-01-0
  • 1986 - Comme l'oiseau sur la branche : histoire des familles dans la grande pauvreté en Normandie ISBN 2-904972-11-0
  • 1989 - Une Europe des droits de tous les hommes
  • 1990 - Père Joseph : de man in wie de armsten zich herkennen ISBN 90-6416-197-6
  • 1995 - Tegen armoede en uitsluiting : heroverweging van het menselijk handelen ISBN 90-72050-09-6
  • 2001 - Ambassadrice auprès des plus pauvres ISBN 2-7475-0144-2

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Alwine de Vos van Steenwijk
b fei%67ox.w1.5l Medi8 4a25Ii çãoinin i.pnatur d

Popular posts from this blog

Coll del Lys (% Pa% 2deri lII

NG gemeente Greykerkda

पारमेनीडेस,hK9AaiUu,tgup 1 TreO Uu Ltomh ua12jnn